Hussa fan Bernicia

Ut Wikipedy

Hussa regearre fan 585 oant 592 en wie de sânde lieder fand Angelsaksyske keninkryk Bernisia dêr't wy fan witte.

It is net folslein wis as Hussa de soan fan Ida, stichter fan it keninkryk Bernisia, wie of dat er earder de lieder fan in rivalisearjende Agelske partij. Der is lykwols mar yn bytsje bekend oer Hussa's libben en regear. Op seker stuit waard Hussa troch in koalysje fan Rheged en de Britske keninkriken Strathclyde, Bernisia en Elmet bedrige en slagge it harren hast om de Angelske Bernisyske keningen út it Brittanje fan flak nei de Romeinen te ferdriuwen. Der wurdt wol tocht dat dit ferbûn úteilik faalde troch skeel tusken de ferskillende Britske stammen dat útrûn yn de moard op Urien, de kening fan Rheghed, om 590 hinne, troch syn eardere bûnsgenoat Morcant.

Nettsjinsteande dat, jout de Angelsaksyske Kronyk oanwizings, dat nei Hussa's dea, der in spjalt ûnstiet tusken de famylje fan Hussa en dy fan Æthelfrith, Hussa's opfolger, want de kronyk ferhellet fan Hering, soan fan Hussa, dy't de troepen fan Áedán mac Gabráin's late yn de striid tsjin Æthelfrith yn de Slach fan Degsastan yn 603.

Oer de jierren fan Hussa's regear is neat mei wissichheid te sizzen: de ierste boarnen binne it net iens oer de folchoarder en it regear fan de keningen tusken de dea fan Ida en it begjin fan it bewâld fan Æthelfrith yn 592/593.