Hurdfytse op de Paralympyske Simmerspullen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hurdfytse is ien fan de sporten dy't op it program fan de Paralympyske Simmerspullen steane. De sport bestiet út twa dissipines baanhurdfytse en dykhurdfytse. De sport is tagonkelik foar hurdfytsers mei in fisuele beheining, fytsers mei in harsensferlamming, amputaasje en fytsers mei in Lichaamlike beheinings bygelyks troch in Dwerslesy as Iepen Rêch. Der wurdt gebrûk makke fan in racefyts -(Twatsjiller), -trijetsjiller, tandem as in fêstframe hânfyts.

Klasifikaasje[bewurkje seksje | edit source]

De Fytsters wurde klassifisearre ôfhinklik fan harren funksjonele mooglikheden, dit klassifikaasjesysteem makket it mooglik dat sporters mei inselde beheining, mei inoar stride kinne.

2008[bewurkje seksje | edit source]

Tandems

  • B Fisueel beheinden

Twatsjillers

  • LC1: Minimale as gjin beheiningen oan de fuotten
  • LC2: Fytsers mei in beheining yn ien foet, mar dy mei beide fuotten fytse kinne, sûnder gebrûk te meitsjen fan in proteze.
  • LC3: Fytsers mei in beheining fan in foet mei as sûnder earmfunksje. De measten traapje mei ien foet.
  • LC4: Fytsers mei in gruttere beheining oan beide fuotten, mei as sûnder earmfunksje.
  • CP3 in gemiddelde beheinings mei de kar foar in twatsjiller.
  • CP4: minst slimme beheinings; se brûke twatsjillers

Trijetsjillers

  • CP1: fytsers mei slimme beheinings; se brûke trijetsjillers
  • CP2: in gemiddelde beheinings mei de kar foar in trijetsjiller.

Hânfytsen

  • HC A: Fytsers mei de slimste beheinings; folslein ferlies fan de romp en foetfunksje as oare slimme komplekse beheinings.
  • HC B: Fytsers mei folslein ferlies fan de foetfunksje mar mei in bytsje stabyliteit yn de romp.
  • HC C: Mei folslein ferlies fan de foetfunksje mar mei minimale oare beheinings as gedieltlik ferlies fan de foetfunksje yn kombinaasje mei oare beheinings.

2012[bewurkje seksje | edit source]

Tandems

  • B Fisueel beheinden

Twatsjillers
Fytsers dy't net op in normale fyts fytse kinne yn ferbân mei ien as meardere amputaasjes fergroeiing, ferlamming as in harsesferlamming

  • C1:
  • C2:
  • C3:
  • C4:
  • C5

Trijetsjillers
fytsers mei in Harsesferlamming dy't moeilijk yn lykwicht bliuwe kinne en dêrom op in trijetsjiller fytse.

  • T1:
  • T2:

Hânfytsen
Fytser met in beheining oan har fuoten. Sy fytse mei harren earmen, wêr't twa posysjes mooglik binne: lizzend as op 'e knibbels.

  • H1: Fytsers mei dwerslesy heger dan T1 as in selde funksjonearjen ta gevolg fan in oare motoryske beheining
  • H2: Fytsers mei dwerslesy fan T1 oant T10 as in selde funksjonearjen ta gevolg fan in oare motoryske beheining
  • H3: Fytsers mei dwerslesy fan T11 en leger mar dy't net op 'e knibbels fytse kinne as in selde funksjonearjen ta gevolg fan in oare motoryske beheining
  • H4: Fytsers mei dwerslesy fan T11 en leger dy't op 'e knibbels fytse kinne.

Regels[bewurkje seksje | edit source]

By de Paralympyske hurdfytse binne de standertrigels fan de hurdfytse fan tapassing.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It hurdfytsen stie yn 1984 op it programma, as demonstraasjesport. Yn 1988 stie it foar it earst echt op it programma allinne foar manlju. Fjouwer jier letter wiene de froulju ek wolkom en waarden der ek mingde ûnderdielen hâlden. De tandems diene yn 1992 foar it earst mei en fanôf 1996 stiet it baanhurdfytsen ek op it programma. De hânfytsers binne sûnt 2004 wolkom op de spullen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | CP-fuotbal | Dartchery | Follybal | Gewichtheffen | Goalball | Hurdfytsen | Hurdsilen | Hynstesport | Judo | Koersbal | Rugby | Roeien | Skermjen | Sjitsport | Snooker | Swimmen | Tafeltennis | Tennis | Wrakseljen |
wizigje


Cycling - Paralympic pictogram.svg
Dykhurdfytse op de Paralympyske Simmerspullen
New York & Stoke Mandeville 1984 | Seoul 1988 | Barselona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janêro 2016 |
wizigje