Hurdfytse

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De reinbôgetrui
Baanhurdfytse by it ûnderdiel Sprint
Berchfytswedstriid
Dykhurdfytse tidens de Omgong fan Frankryk 2012
Fytskross wedstriid
Fjildriden

Hurdfytse ek wol Hurdfytserij is in sammelnamme foar in ferskaat oan sporten wêr't by gebrûk makke wurdt fan in fyts. Der binne in ferskaat oan dissiplines yn de Hurdfytserij. Fan eltse dissipline krijt de wrâldkampioen op in bepaald ûnderdiel altyd de reinbôgetrui. De UCI is de wrâldwide oerkoepeljende organisaasje fan it hurdfytsen.

útrêsting[bewurkje seksje | edit source]

Hurdfytsers haww by it beoefenjen fan harren in fytsbroek, in fytshimd, fytsskuon, fytswantsjes oan en in helm op.

Disiplinnes[bewurkje seksje | edit source]

De ferskeidene dissiplines fan de hurdfytserij binne:

Baanhurdfytse[bewurkje seksje | edit source]

sjoch ek Baanhurdfytse

Baanhurdfytse wurdt úteoefenne op in ovale piste. De helling fan in piste hat meestentiids in hellingshoek fan 33 graden. Fytsers ride op in baanfyts, dat is in fyts sûnder remmen en fersnellingen.

Berchfytse[bewurkje seksje | edit source]

sjoch ek Berchfytse

Berchfytse is in dissipline yn de hurdfytsserij wêr'tby hja oer rûg terrein fytst, mei in berchfyts dat is in fyts mei dikke banden mei in soad profyl foar ekstra grip. Fering, sawol foar as efter, in rjocht stjoer en in protte fersnellingen.

Dykhurdfyse[bewurkje seksje | edit source]

sjoch ek Dykhurdfytse

Dykhurdfytse is de bekinste dissipline yn de hurdfytsserij. By it dykhurdfytsen ha de wedstriden plak op de iepenbiere dyk. Der wurden sawol meardaagse as wedstriden op ien de feriden. Der wurd by it dykhurdfytsen fytst mei in racefyts.

Fytskrosse[bewurkje seksje | edit source]

sjoch ek Fytskrosse

Fytskrosse is in ekstreme sport. De sport ûntstie yn de Feriene Steaten yn de jieren '60. It hat syn oarsprong yn de motorkross. Sûnt 2008 is Fytskrosse in olympyske sport en fytskrossers fytse op Fytskross-fytsen, dy hawwe in lyts frame, in breed stjoer en brede bannen.

Fjildriden[bewurkje seksje | edit source]

sjoch ek Fjildriden

Fjildriden is in foarm fan hurdfytsen dy't foaral yn de wintermoannen beoefene wurd. In fjildriid parkoers giet oer net ferhurde paden en troch it bosk en fjild. It Fjildriden bart op on fjildriidfyts die fyts is lykwols hast itselde as in racefyts mar der sit op in ferskaat plakken wat mear romte op de fyts om te foarkommen dat er fêstrint troch de drek. Ek wurde er in slach dikkere bannen mei wat mear profyl brûkt as by de standert racefyts bân.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]