Hummeltsje

Ut Wikipedy

Hummeltsje is it lytste miny-motorke ea. It waard ein jierren tachtich boud troch Sybren Fennema fan Sumar.

Fennema hie as hobby motorbouwen. Hy boude earst in motorke mei sydspantsje foar in fersierde wein, mar tocht letter dat soks wol lytser kinne moast. Hy boude doe "Ukkepukje" mei remkes en ferljochting. Doe waard er in noch lytser motorke Hummeltsje boud fan 49 sm lang en 39 sm heech sm en in sitting 21 sm fan de grûn ôf. Hummeltsje hat hiel Nederlân troch west en gie sels nei in tentoanstelling yn New York foar in grutte fabryk op It Hearrenfean. It riden foel net ta, mar wie fiifentweintich jier letter te sjen yn it programma "Hea" fan Omrop Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: