Hughes H-4 Hercules

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hughes H-4 Hercules Spruce Goose

De Hughes H-4 Hercules, mei de bynamme Spruce Goose ('Fjurrenhouten Goes'), is in fleanmasine ûntwurpen en boud troch Howard Hughes' Hughes Aircraft company. It wie ornearre foar transatlantysk ferfier yn de Twadde Wrâldoarloch, mar it wie net op tiid klear.

De fleanboat waard foar it grutste part makke fan hout, lykwols nettsjinsteande syn bynamme fan bjirkehout, om aluminium te besparjen. De earste en iennige flecht dy't it tastel makke wie op 2 novimber 1947. It wie it grutste tastel dat oant doe ta boud waard en oant de dei fan hjoed is de H-4 Hercules it fleantúch mei de grutste fleugelspanwiidte dat ea flein hat.

De Spuce Goose wie jierrenlang te besjen yn Long Beach, njonken de RMS Queen Mary, en bedarre lang om let yn McMinnville, Oregon. It heart dêr no ta de samling fan it Evergreen Aviation Museum.

Spesifikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • fabrikant: Hughes Aircraft Company
  • kapasiteit: 18 bemanningleden, oant 750 passazjiers
  • lingte: 66,74 m
  • spanwiidte: 97,51 m
  • hichte: 25,15 m
  • gewicht leech: 122.500 kg
  • fleugeloerflak: 1.061,80 m²
  • maks. startgewicht: 181.500 kg
  • motoren: Acht Pratt & Whitney R-4360-4A
    28 silinderstjermotoren fan 2.240 kW (3.040 HK) it stik
  • krúsfaasje: 320 km/o
  • maks. faasje (pland): 378 km/oop seenivo
  • maks. fleanberik: 4.827 km
  • tal makke: 1

Formaat ferlike mei oare fleantugen[bewurkje seksje | edit source]

Grutte ferlike:
* kaky: Spruce Goose * ljochtgrien: Antonov An-225 * ljochtrôze: Airbus A380 * ljochtblau: Boeing 747-8

Oare grutte fleanboaten[bewurkje seksje | edit source]