Hudiksvall

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hudiksvall
Huzen oan de haven
Huzen oan de haven
Sifers
Ynwennertal 15.015 (2010)
Oerflak 10,08 km²
Befolkingstichtens 1490 / km²
Polityk
Lân Sweden
Provinsje Gävleborgs län
Lânskip Hälsingland
Oar
Stifting 1582
Tiidsône CET (UTC+1)
Webside Webside fan de gemeente (dú) (in)
Yn it sintrum

Hudiksvall is de haadstêd fan de gemeente Hudiksvall yn it lânskip Hälsingland en de provinsje Gävleborgs län yn Sweden.

De stêd leit oan it Hudiksvallsfjärden, in baai fan de Botnyske Golf, en oan de Europeeske wei 4. Grutte plakken yn de omkriten binne Gävle en Sundsvall; Gävle leit leit op likernôch 130 kilometer besuden de stêd en Sundsvall op sa'n 80 kilometer benoarden.

Hudiksvall har typyske havenhuzen binne ferneamd. Ek it besjen wurdich is de tsjerke Hudiksvalls kyrka, dy't tusken 1643 en 1672 set waard.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Hudiksvall krige stedsrjochten yn 1582. De stêd hat sa'n 10 grutte brannen te fernearen hân. De grutste wie yn 1721 doe't de stêd yn de brân stutsen waard troch de Russen yn de Grutte Noarske Oarloch; in grut part fan de stêd waard doe ferneatige. It strjitplan fan it Hudiksvall fan no stammet út 1792, doe't de stêd makke wurde moast fan in oare grutte brân. De lêste stedsbrân wie yn 1906.

Berne yn Hudiksvall[bewurkje seksje | edit source]