Houtsnip

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Houtsnip (Scolopax rusticola)
Houtsnip

De houtsnip (Scolopax rusticola) is in fûgel út de famylje fan de snipfûgels dy't yn boskgebieten nestelt. De houtsnip wurdt ek wol ûlekop of wâldsnip neamd.

Dizze 33 oant 38 sm lange snip is oars as syn soartgenoaten fergelike mei syn biotoop. Dizze snipeftige libbet benammen yn nuddel- en en leafbosken ûnder de tichte strûken ferskûle. Syn Nederlânske soartgenoaten, it waarlamke en de haarsnip, libje yn in hiele oare biotoop, nammentlik oan de wetterkant fan lytse puollen en marren. De houtsnip is de grytste snipeftige fan Nederlân. Hy libbet in skou en stil libben. Hy lit him net faak sjen of hearre, allinnich yn it briedseizoen komt hy ta libben, ek yn it healtsjuster en nachts.

In Fryslân en Nederlân binne houtsnippen it hiele jier te finen. De briedfûgels wurde yn de winter oanfold mei hiel wat soartgenoaten dy't út Noardeast-Europa komme. Yn Súd-Europa binne se allinnich winterdeis, wylst de yn Noardeast-Europa allinnich yn it briedseizoen foarkomme.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Scolopax rusticola en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.