Hotze Schuil
Hotze Schuil (Harns, 29 oktober 1924 – dêre, 25 novimber 2005) wie in ferneamd keatser yn it Frysk spul, dy't spile fan 1942 oant 1972. Schuil wie in Harnzer yn ieren en sinen.
Oanfierder ivich klassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hotze Schuil helle 876 punten foar it ivich keatsklassemint, dat er 28 jier oanfierd hat, oant Piet Jetze Faber syn puntetotaal ferbettere mei 9 punten.
Grutte Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Schuil stie 10 kear yn de finale fan de PC, dy't er, nei eigen sizzen 'mar' 6 kear wûn. Hy waard op it Sjûkelân 3 kear ta kening kroane. Hy wûn dêr ek noch 3 kear de lytse premy. Foar Harns wûn hy 8 kear de Bûnspartij. Yn syn ymposante keatskarriêre helle Schuil it rekôr-oantal fan 83 keningskippen en wie dêrmei lang de keizer ûnder keningen: op 19 july 2008 waard dat rekôr troch Chris Wassenaar ferbettere. Yn 2000 krige hy op de nijjiersresepsje fan de KNKB de earetitel "Keatser fan de Iuw".
Stânbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch it inisjatyf fan Stifting Ouwe Seunen stiet op it Suderplein yn Harns in stânbyld fan Schuil, dat 5 july 2006 ûntbleate waard troch âld-boargemaster Arlman en trije pakesizzers fan Hotze Schuil. It stânbyld, makke troch Hans Jouta, toant "De Lange" yn de foar him sa typearjende opslachhâlding. It bestjoer fan KF Eendracht út Harns hinget 'Hotze' elts jier in krâns om syn nekke.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jelle Bangma, Ate de Jong en Wio Joustra, De Lange, Hotze Schuil - keizer onder de kaatskoningen.