Holwoartel

Ut Wikipedy
holwoartel
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift bûterblomeftigen (Ranunculales)
famylje klaproazen (Papaveraceae)
skaai helmblommen (Corydalis)
soarte
Corydalis cava
(L.) Schweigg. & Körte, 1753

De Holwoartel (Corydalis cava) is in betiid bloeiende en oerbliuwende plant. De plant begjint faak yn maart al te bloeien en it blêd is meastentiids foar it begjin fan de simmer al wer ôfstoarn. De blêden sjogge der wat griisblau-eftich út. De rozetblêden binne symmetrysk gearstald, de stâleblêden asymmetrysk.

De blommen binne readpears as wyt. Op it iene plak oerhearskje de readpearse blommen, op it oare plak de wite.

De namme holwoartel slacht op de knol fan de plant dy't hol is. De plant komt yn Midden- East- en Súd- Europa yn it wyld foar. Yn Nederlân binne se oanplante by states en stinzen, dêr't se ferwyldere binne. De holwoartel wurdt dan ek rekkene ta de stinzeplanten

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]