Holmens Tsjerke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Holmens Tsjerke yn Kopenhagen

De Holmens Tsjerke (Deensk: Holmens Kirke) is in tsjerke yn it sintrum fan Kopenhagen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De tsjerke waard ea as in smitse boud en yn 1619 troch kening Kristiaan IV feroare yn in tsjerke foar it persoaniel fan de Keninklike Marine. Yn 1614 waard de tsjerke troch de Deenske hofarsjitekt Leonhard Blasius fergrutte ta in krústsjerke. Yn de jierren 1705-1708 waard der in kapel oan de tsjerke tafoege, dêr't de ferneamde Deenske seeheld Niels Juel (1629-1697) mei syn frou en twa soannen yn byset waard.

De grutte stedsbrannen fan Kopenhagen fan 1728 en 1795 kamen net oan de Holmens Tsjerke ta. De Sweedske bombardeminten yn 1659 en de Ingelske bombardeminten yn 1807 op Kopenhagen brochten allinnich lichte skea oan it gebou.

Keningin Margaretha II waard op 14 maaie 1940 yn dizze tjerke doopt en troude hjir op 10 juny 1967 mei prins Hindrik.

De namme fan de tsjerke ferwiist nei it doedestiidske eilân Holmen (ek: Bremerholm), dat yn de 16e ieu feroare waard yn in troch in grêft omsluten skiereilân. Op it skiereilân stifte kening Kristiaan III in skipmakkerij. Mei de ferhuzing fan de skipmakkerij nei Nyholm op Christianshavn krige it gebiet de namme fan Gammelholm, in namme dy't net in protte brûkt wurd. De grêft, Holmens Kanal, waard yn de jierren 1860 tichtsmiten en libbet troch yn de namme fan de strjitte Holmens Kanal.

Ynrjochting[bewurkje seksje | edit source]

  • It ryk bewurke alter fan ikehout waard yn 1691 makke troch Abel Schrøder;
  • De kânsel út 1692 is ek it wurk fan Abel Schrøder;
  • De behuzing fan it oargel datearret fan 1738; it oargel sels waard troch Marcussen & Søn yn 1956 ynboud en hat 56 registers.
  • It âlde doopfont waard yn 1646 makke;
  • De tsjerke besit in rige oan grêfmonuminten.

Ofbylden[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

http://www.holmenskirke.dk/om-holmens-kirke/holmens-kirkes-historie