Hollestelle

Ut Wikipedy
Sint Philipsland, Bruinisser Stelberch 2 2009 08 30

In hollestelle is yn de Nederlânske provinsje Seelân de oantsjutting foar in keunstmjittige drinkput dy't yn in ringwâl leit. De measte hollestelles waarden útdyks oanlein; troch bepoldering kinne sy no yndyks te lizzen kaam wêze. Sy waarden yn begjinsel op kwelders oanlein as drinkplak foar skiep. Teffens koe de harder (stellenaar) him dêr mei syn keppel skiep by heech wetter tebeklûke. In ferneamde hollestelle en de ieinige dy't nochyndyksk leit is de Bruinisser Stelberg op Sint Philipsland.

Yn Fryslân, op de kwelders oan de Waadsee, wurdt in 'hollestelle' dobbe neamd, mar net alle dobben binne hollestellen.