Hollandsche Rading

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Hollandsche Rading
Grinspeal
Hollandsche Rading (út Hilfertsom)
Karakteristike boppeliedingportalen op it spoar Utert-Hilfertsom by Hollandsche Rading

Hollandsche Rading is in doarp yn de gemeente De Bilt, yn de provinsje Utert. Op 1 jannewaris 2003 hie Hollandsche Rading 1424 ynwenners.

Rading hat de betsjutting fan raaiing, dat line of grins betsjut. De namme ferwiist nei de eartiidse striidkwestje oer de grins tusken Hollân en Utert. Benammen de grins om It Goai wie yn de midsieuwen oanlieding foar meardere oarloggen. Yn 1719 bliek it needsaaklik de grins fan Iemnes oant Loosdrecht mei stiennen grinspeallen oan te jaan. Dy monumintale peallen steane no noch oan de Vuursche Dreef.

It doarp leit oan it spoar fan Utert nei Hilfertsom en hat in stasjon ( stasjon Hollandsche Rading). It stasjon is unyk, omdat it yn twa provinsjes leit. De perrons lizze skean foar elkoar oer mei in spoaroergong der tuskenyn: oan de noardkant dêrfan rint de grins tusken Noar-Hollân- en Utert. De kearn Hollandsche Rading is de jongste fan de eardere gemeente Maartensdyk en ûntstie nei de jierren tweintich fan de foarrige ieu.

Oan 1930 wie it benammen heidegebiet mei in pear ferspraat lizzende pleatsen en wat arbeidershúskes. Sûnt 1930 binne de huzen oan de hjoeddeiske leanen boud, faak foar Ald-Ynjegongers. Der ûntstie in kearn mei in soad winkeltsjes, dy't no ferdwûn binne. De kaam in halte oan it spoar en der kamen in protte toeristen.

Ienris yn it jier is de iepen dei fan modelbouferiening Radingspoor, wêrby't ûnder mear tsientallen op stoom ridende skaalmodellen te sjen binne.

Hollandsche Rading leit oan de Europeeske wannelrûte E11, ek wol Marsekreammerpaad neamd. De E11 rint fan De Haach nei it easten, op dit momint oan de grins Poalen/Litouwen ta.