Hjerringflyt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hjerringflyt
De Hjerringflytdaam

It Hjerringflyt is in earde earm fan de Noardsee, yn Súd-Hollân tusken Foarne-Putten en de Hoekske Waard yn it noarden, en Goeree-Overflakkee yn it suden. Yn 1970 waard it Hjerringflyt yn it ramt fan de Deltawurken troch de Hjerringflytdaam fan see ôfsletten. Fan de Hoekske Waard nei it Hellegatsplein rint de Hjerringflytbrêge. Yn it Hjerringflyt leit it eilân Tiengemeten. Het Spui mûnet dêryn tusken de Hoekske Waard en Foarne-Putten.

Untstean [bewurkje seksje]

Foar 1200 wienen Foarne en Flakkee ien eilân. Stoarmfloeden trochbrieken de natuerlike kust en sa ûntstie it Hjerringflyt. Fierder it lân yn ûnstie troch ynfloed fan it Hjerringflyt it Hollânsk Djip. It Hjerringflyk hjitte ieuwenlang Flakkee; earst yn de 19e ieu krigge it wetter de namme dy't it no hat.

Natuera 2000 [bewurkje seksje]

In gebiet fan 11.633 ha yn de gemeenten Bernisse, Cromstrijen, Dirksland, Goedereede, Hellevoetsluis, Korendijk, Middelharnis en Eastflakkee is oanwiisd as Natuera 2000-gebiet.

Keppeling om utens [bewurkje seksje]