Histoarysk tydskrift Fryslân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Historisch Tijdschrift Fryslân is in skiednismagazine fan it Keninklik Frysk Genoatskip & Utjouwerij Waanders dat om de twa moanne ferskynt.

It Koninklik Frysk genoatskip is in feriening foar eltsenien mei belangstelling foar de skiednis en kultuer fan Fryslân. It jout neist Historisch Tijdschrift Fryslân ek it wittenskiplik jierboek De Vrije Fries út en organisearret ferskate aktiviteiten op histoarysk mêd, lykas ekskurzjes, lêzingen en symposia.
Utjouwerij Waanders leit him al hast 175 jier ta op de útjefte fan boeken oer keunst, kultuer en skiednis.

De redaksje fan it tydskrift bestiet yn 2010 út Marijke de Boer, Kerst Huisman, Hans Koppen, Siebrand Krul (Meindert Seffinga, Doeke Sijens, Marlies Stoter en Jan van Zijverden.

Elke útjefte hat in tema út de Fryske skiednis, dat yn in rige artikels útdjippe wurdt troch histoarisy. Neist ferhalen ek in soad bylden en ûnderwerpen dy't in relaasje hawwe mei it hjoed. Elk nûmer hat in fêste opbou:

  • In tema dat yn fiif artikels yn histoarysk besef setten wurdt;
  • Fiif rubriken mei ferkate ynhâld;
  • Fjouwer siden fol mei histoaryske nijtsjes;
  • in aginda;
  • Oersjoch fan nije publikaasjes op it mêd fan de Fryske skiednis;

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels