Hindrik II de Hillige

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kroaning fan Hindrik II – Miniatuer út sakremintsboeken fan de keizer

Hindrik II, mei de bynamme de Hillige ( Bad Abbach by Hildesheim, 6 maaie 973 of 978 - Grone, 13 july 1024 ), wie sont 1002 kening fan it Eastfrankyske ryk (Regnum Teutonicorum) en keizer fan it Hillige Roomske Ryk fan 1014 - 1024.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Hy wie de soan fan de Beierske hartoch Hindrik II, "de Rûzjesiker", en syn frou Gisela. Hy wie de oerpakesizzer fan Hindrik I dat stamde út de Beierske sydline fan de Ottoanen. Nei't er op 9 july 1002 as Eastfrankyske kening kroane wie, kroane paus Benediktus VIII him op 14 febrewaris 1014 as keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Hindrik II wie mei keizerinne Kunigunde boaske; hja krigen gjin bern. Dêrtroch wie Hindrik II de lêste keizer út it laach fan de Ottoanen.

Oars as syn foargonger Otto III konsintrearre Hindrik II him op it ryksgebiet noardlik fan de Alpen. Hy fierde foaral ferskate kearen oarloch mei Poalen en gie mei tsjinsin trijeris nei Itaalje. Yn syn tiid kaam it ta in yntinsivearring fan it keningsbewâld. Fan binnenút makke Hindrik it ryk fêster troch neiere persoanlike en politike bannen mei de tsjerke. Troch skinkings en nije stiftings soarge hy derfoar dat de bisdommen fêste punten fan de keninklike macht waarden en krige hy dêr tsjinstbetoan foar werom. Hy besocht boppedat de keninklike macht fan it rykskleaster fuort te sterkjen, dat in part fan it ryksleger levere. Yn 1007 stifte hy in bisdom yn Bamberch.

Yn 1010 skonk hy Sillva Fulnaho (it wâld fan Vollenhove) oan it bisdom Utert. Dat wie feitlik it begjin fan it Oersticht. Hy rjochte in soad skoallen op, ferdigene de ryksgrinzen en die war om frede te stiftsjen en de tsjerke ta ûntwikkeling te bringen. Hindrik begûn oan de bou fan de katedraal fan Bazel. Op lettere âldens krige er in ferlamming. Alhoewol't er graag muonts wurde wold hie, bleau hy syn taak fean hearsker folbringen.

Hillich ferklearre[bewurkje seksje | edit source]

Hindrik waard, as ienige Dútse keizer, yn 1146 hillich ferklearre troch paus Eugenius III. Syn hjeldei is op 13 july. Hindrik is beskermhillige fan de bisdommen Bamberch en Bazel, fan de perarsen sûnder bern, fan de keningen en hartoggen en fan de handikepten.

De kronyk fan Thietmar fan Merseburg, dy't troch de kening yn 1009 as biskop fan Merseburch beneamdt waard, jildt as wichtichste boarne oar Hindrik II en syn tiid. It wurdt foar de tiid fan Hindrik II sels as haadoerlevering besjoen.