Himsterhout

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Himsterhout
Opleane nei it Himsterhout

It Himsterhout is ien fan de jongste nijbouwiken fan Drachten. De wyk leit neist de wiken De Moarre, De Trisken en De Drait oan de súdwestkant fan Drachten. It Himsterhout hie yn 2007 1638 ynwenners, wêrfan de grutste groep tusken de 35 en 44 jier is.

It Himsterhout is opboud út trije fazes, Faze I, II en III. Yn 2008 binne bepaalde stikken grûn wol ferkocht oan projektûntwikkelders, mar noch net beboud.

De foarsjennings lykas supermerken, skoallen en hûsartsen sille yn de buertwiken De Trisken (supermerk: Spar) en De Drait (supermerk: C1000 en Lydl) socht wurde moatte.