Himpolders

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Himpolders binne polders dy't net bemealle hoege te wurden, mar harren wetter op natuerlike wize ôffiere. De himpolders yn Fryslân binne yn de 12e ieu en 13e ieu oanlein, by de súdrâne fan de eardere Marneslinke en Middelsee lâns.

De Middelsee wie tichtslike en hie syn wetterôffierende funksje ferlern. Boppedat waard ek begûn mei de feanterij yn it suden fan Westergoa. Dêrtroch krigen de gebieten tusken de feangebieten en de eardere Middelsee in soad wetter te ferwurkjen dy't se min ôffiere koenen. Dêrom waarden dizze gebieten bedike om it wetter yn it suden te kearen, en ek as seewetterkearring mocht de seedyk fan súdlik Westergoa it wetter net keare kinne. De namme fan de súdlike en de eastlike dyk (tusken de himpolders en de feangebieten) is faak Himdyk en Griene Dyk.

De Himpolders wetteren ôf nei it suden en westen troch in grut tal silen yn de diken, bygelyks de Pikesyl.

In pear Himpolders:

[bewurkje seksje] Literatuer

  • De wereld van het Friesche landschap - ûnder redaksje fan M. Schroor, útjûn troch Wolters Noordhoff 1993 ISBN 90-01-95519-3
  • Binnendiken en Slieperdiken - K.A. Rienks en G.L. Walther, útjûn troch de Fryske Akademy yn 1954.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen