Himelferwulft

Ut Wikipedy

De himelferwulft is it part fan de atmosfear of de romte dy't sichtber is fanôf it oerflak fan alle himellichems. Om ferskate redenen is in krekte omskriuwing lestich te jaan. Op ierde sjocht de himel der oerdei (licht)blau út; dat komt trochdat it sinneljocht yn de loftlagen fan de atmosfear ferspriede wurdt as troch in prisma. De himel wurdt soms omskreaun as de meast konsintrearre gaslaach yn de atmosfear fan in planeet. Nachts sjocht de himel der út as in swarte romte fol mei stjerren.


Dit artikel is in stobbe oer astronomy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.