Hilary Duff

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hilary Duff (2009)

Hilary Erhard Duff (Houston (Teksas), 28 septimber 1987) is in Amerikaansk popsjongster en aktrise. Sûnt 2002 is sy meast populêr by de jeugd. Duff har kleanûntwerpen hjitte "Stuff by Hilary Duff" en har rûkersguod is op de merk komd ûnder de namme "With Love...Hilary Duff".

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Duff waard berne as twadde bern fan Robert Erhard Duff, eigner fan in keatling nachtwinkels, en Susan Colleen, hûsfrou. Duff hie har debút op televyzje mei tsien jier, doe't sy in figuranteroltsje hie yn de televyzjefilm True Women.

Yn Nederlân en Belgje waard hja bekend nei har rol yn de tsienersearje Lizzie McGuire (2001); der waard ek in bioskoopfilm fan makke, de The Lizzie McGuire Movie. Sy rekke dêrtroch sa begoedige dat hja in hûs yn Los Angeles foar har heit en mem kocht, sels wenne hja dêr ek. No wennet hja mei har suster Haylie yn Los Angeles.

Yn 2003 kaam har album 'Metamorphosis' út en yn 2004 har twadde album 'Hilary Duff'. In 2005 brocht se it sammelalbum 'Most Wanted' út, en yn 2007 it soarte fan dance-album Dignity dêr't sy alle nûmers sels fan skreau.

Nei de Most Wanted Tour yn 2005-2006 sette Duffy yn augustus 2007 út ein mei de Dignity Tour 2007.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]