Hieronymus van Alphen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hieronymus van Alphen

Hieronymus van Alphen (Gouda, 8 augustus 1746Den Haach, 2 april 1803) is bekend as dichter, en dan fral troch syn gedichten foar bern. Hy wie de soan fan Johan van Alphen, riedslid yn de Froedskip en skepen fan Gouda, en Wilhelmina Lucia van Alphen. Hy wie in pakesizzer fan de Utertse heechlearaar Hieronymus van Alphen.

Yn totaal hat Van Alphen mar 66 gedichten foar bern skreaun. Van Alphen skreaun trije dichtbondels foar syn bern (’Ziedaar, lieve wigtjes! Een bundel gedigtjes’). Hy joech se yn't earstoan anonym út. Se waarden ek yn Dútslân, Frankryk, Ingelân en Nederlânsk-Ynje útjûn. Guon binne yn it Frysk oerset. Likernôch skreaun er it meast fromme poëzij foar folwoeksenen en keunstteoretyske en religieuze beskôgings. Hy wie fan betinken dat bern boartsjendewei leare moatte koenen. ’Mijn speelen is leeren, mijn leeren is speelen, En waarom zou mij dan het leeren verveelen?’ dichte er. Alden binne fermoedsoenjend foar harren bern oer, at jo mar earlik en oprjocht binne: ‘Kom Keesje lief! hou op met krijten, Zei moeder toen: 'k Wil u dien misslag niet verwijten, Hij kreeg een zoen.’

Syn bernegedichten wiene ienfâldich opset en hiene strakke rymskemas dat se wiene maklik út de holle te learen. Boppedat wie it faak it bern sels dat sei wat syn stribjen wie en wer't er in ôfgriis fan hie:

Een vriend, die mij mijn feilen toont,
Gestreng bestraft, en nooit verschoont,
Heeft op mijn hart een groot vermogen.
Maar...`t laag gemoed, dat altoos vleit,
Verdenk ik van baatzuchtigheid;
Ik kan zijn bijzijn niet gedogen.

Syn bekendste gedicht is De Pruimeboom (1779).

Jantje zag eens pruimen hangen,
O! als eijeren zo groot.
't Scheen, dat Jantje wou gaan plukken,
Schoon zijn vader 't hem verbood.
Hier is, zei hij, noch mijn vader,
Noch de tuinman, die het ziet:
Aan een boom, zo vol geladen,
mist men vijf zes pruimen niet.
Maar ik wil gehoorzaam wezen,
En niet plukken: ik loop heen.
Zou ik, om een hand vol pruimen,
Ongehoorzaam wezen? Neen.
Voord ging Jantje: maar zijn vader,
Die hem stil beluisterd had,
Kwam hem in het loopen tegen,
Voor aan op het middelpad.
Kom mijn Jantje! zei de vader,
Kom mijn kleine hartedief!
Nu zal ik u pruimen plukken;
Nu heeft vader Jantje lief.
Daarop ging Papa aan 't schudden
Jantje raapte schielijk op;
Jantje kreeg zijn hoed vol pruimen,
En liep heen op een galop.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Proeve van stichtelijke mengel-poëzij (1771, ferfolchbondels: 1772, 1773, 1782)
  • Klaagzang (1775) - naar aanleiding van het overlijden van zijn vrouw
  • Gedigten en overdenkingen (1777 trije printingen)
  • Kleine gedigten voor kinderen (1778: 1e en 2e stikje, 1782: 3e stikje by eltse)
  • Theorie der schoone kunsten en wetenschappen (2 dln. 1778 en 1780)
  • Digtkundige verhandelingen (1782)
  • De waare volksverlichting met opzigt tot godsdienst en staatkunde beschouwd (1793)
  • Kleine bijdragen tot bevordering van wetenschap en deugd (1796)
  • Predikt het evangelium allen creaturen (1801) bewurke fan F.J. Riedels
  • Proeve van liederen en gezangen voor den openbaaren godsdienst (2 dln., 1801-1802)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]