Hermannus Collenius

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In skildering op in paniel fan Hermannus Collenius

Hermannus Collenius (1650 - 1723) wie in barokke keunstskilder út Kollum. Hy skildere yn de 17e ieu benammen grutte histoarjestikken en mytologyske tafrielen.

Kollum wie troch syn lizzing eartiids bot op Grinslân rjochte. Herman syn heit Piter Douwes wie goudsmid en syn pake wie dûmny yn Kollum. Tusken 1671 en 1678 wenne Herman yn Amsterdam en boude dêr in goede namme op. Mooglik hat er ek in reis nei Itaalje makke. Ein 1679 sette hy him nei wenjen yn De Like. Hjir dekorearde hy in pear grutte keamers en in soad skilderijen. Troch in grute brân yn 1850 op de Nienoard binne mar in pear doeken bewarre bleaun. Ek it stedhûs fan Grins waard troch him dekorearre. De protestant Colennius die ek opdrachten foar de roomske tsjerke lykas de skilderingen 'Ten himel opnimming fan Marije' en 'De Sillige Dea'.

Hermannus hie ek in learskoalle foar jonge skilders. Yn syn wurken brûkt hy in soad oranje en djipreade tinten lykas by it ûndergean fan de sinne. It jout syn wurken in hast fleurige útstrieling.

Benammen rike Grinslanner reginten en Ommelanner jonkers woenen graach in skilderij fan harren sels hingjen hawwe yn harren borgen dy't al fol hongen mei goudlearbehang en djoere meubels.

Colennius beskildere harren souders, wanden en doarren. De portretten moasten ek ryk oan dwaan. Yn de Menkemaboarch hingje noch fjouwer fan syn skilderijen. Ek yn de borgen Verhildersum by Leens en Nienoard yn De Like hingje skilderijen fan syn hân.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Freerk J. Veldman - Hermannus Collennius ( 1650-1723) útjouwerij Waanders, Swol.