Herman Theodoor Colenbrander

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Herman Theodoor Colenbrander (Drachten, 13 desimber 1871 - Leien, 8 oktober 1945) wie in Nederlânsk histoarikus.

Hy begûn syn wurkpaad as histoarikus as adjunkt-algemien ryksargivaris. Hy naam it inisjatyf ta it oprjochtsjen fan de Kommisje foar de Ryks Skiedkundige Publikaasjes dy't yn de rige mei deselde namme boarnen útjaan soe. Teffens wie er de earste direkteur fan it buro fan de RGP (it Ynstitút foar Nederlânske Skiednis fan no). Colenbrander wie fan 1918 oant 1925 heechlearaar yn de geschiedenis van Nederlandsch-Indië en de geschiedenis van de methode der zending oan de Universiteit Leien. Yn 1925 waard er oan deselde universiteit beneamd ta heechlearaar yn de skiednis fan it heitelân.

Yn 1908 waard er beneamd ta lid fan de KNAW. Syn karriêre rekke besmoarge troch in saak yn 1933 oer plagiaat yn in artikel oer Willem fan Oranje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: