Herma Bovenkerk

Ut Wikipedy
Byld Sybren de Jong, timmerman te Koudum

Herma Bovenkerk (Amsterdam, 3 febrewaris 1950[1]) is in byldhouster út Koudum.

Bovenkerk set har yn om de byldhoukeunst te stimulearjen. Sa hat se yn Koudum it bloeiende partikuliere Byldhousintrum opsetten. Dêr jout se les, organisearret byldetentoanstellings en in jierlikse Keunstrûte yn it doarp. Ek gastdosinten, lykas Bram de Smit, Wigle Engelsma, Joop van Bergen en Hanshan Roebers wurde belutsen by it ûnderwiis. Neist de reguliere twajierrige kursus (sûnt 2004), wurde der workshops organisearre foar it bedriuwslibben, it ûnderwiis en de sosjale sektor.

Op 10 desimber 2010 krige se hjirfoar de Fryske Anjer útrikt troch Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma, foarsitter fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. Se wurket yn in bernegalery en bernewurkplak dy't yn in leechsteand pakhûs foarm krije moat.

Yn 1990 makke se it byld Sybren de Jong dat oan de Haadstrjitte fan Koudum stiet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RKD Artists: Herma Bovenkerk