Herbert James Draper

Ut Wikipedy
Herbert James Draper
keunstner
Herbert James Draper, 1900
Herbert James Draper, 1900
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 1863 of 1864
berteplak Londen
stoarn 22 septimber 1920 (56 jier)
stjerplak Londen
wurkpaad
wurksum as Skilder, yllustrator
streaming Klassisisme
bekendste
  wurk(en)
The Lament for Icarus, 1898
prizen Gold Medal, 1890
Travelling Scholarship, 1890

Herbert James Draper (Londen, novimber 1863 of 1864 - dêre, 22 septimber 1920) wie in Ingelsk keunstskilder en yllustrator út it Fiktoriaansk tiidrek.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Draper werd geboren in Londen as soan fan juwelier Henry Draper en syn oarehelte Emma. Nei in stúdzje oan de Royal Academy of Arts makke er mear as ien stúdzjereizen nei Parys en Rome. Yn 1891 boaske er oan Ida Williams, mei wa't er in dochter krige. Yn de njoggentiger jierren wurke er behalven as skilder ek in protte as boekyllustrator, om sa troch de tiid te kommen.

Draper syn meast produktive perioade wie fan 1894 ôf oan. Hy skildere yn dy jierren foaral temas út de (meast Grykske) mytology op grut formaat. Syn yn 1898 skildere wurk "The Lament for Icarus" wûn yn 1900 ûnder de wrâldtentoanstelling yn Parys in gouden medalje. Dat wurk waard letter kocht foar de Tate Gallery út it legaat fan Francis Leggatt Chantrey. Draper wie ek ferantwurdlik foar de plafondskilderingen fan de Drapers' Hall yn de City fa Londen.

Hoewol't Draper gjin lid wie fan de Royal Academy die er fan 1887 oant koart foar syn dea alle jierren mei oan harren eksposysjes. By syn libben wie Draper wiidferneamd, foaral fanwegen de portretten dy't er skildere. Tsjin de ein fan syn libben waard syn populariteit minder. Tsjintwurdich binne der net folle minsken mear dy't syn wurk kenne.

Draper stoar oan de gefolgen fan arterioskleroaze yn de âldens fan 56 jier, thús oan de Abbey Road.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Toll, Simon: Herbert Draper 1863-1920: A Life Study; Antique Collector's Club; 2003; ISBN 1-85149-378-6

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Herbert James Draper