Henry Seebohm

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Henry Seebohm

Henry Seebohm (Bradford, 12 july 1832 - Londen, 26 novimber 1895) wie in Britsk stielfabrikant, ûntdekkingsreizger en amateur-ornitolooch (naturalist).

De niget oan fûgels brocht him ta in protte reizgjen; hy reizge troch Grikelân, Skandinaavje, Siberië, Turkije en Súd-Afrika, mar ek nei Helgolân dêr't er de Dútske ornitolooch Heinrich Gätke besocht. Syn ekspedysjes troch de Jenisej-toendra's fan Sibearje laten ta twa publikaasjes dy't nei syn dea yn ien boek útjûn waarden. Seebohm wie de earste dy't yn Europa it systeem fan trijefâldige (trinomiaal) wittenskiplike nammen foar ûndersoarten ynbrocht.

Der binne in tal fûgelsoarten nei Seebohm ferneamd, ûnder oaren de sjongfûgel Dromaeocercus seebohmi (troch Richard Bowdler Sharpe).

Boeken[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]