Henricus Aeneae

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Henricus Aeneae

Henricus Aeneae (berne Henricus Aenee, Aldemardum, 19 augustus 1743 - 1 novimber 1810) wie in Nederlânsk wittenskipper, learmaster fan Pieter Nieuwland; mei Van Swinden fertsjintwurdiger fan de Bataafske Republyk yn de kommisje foar it metryk stelsel.

Libben en wurk[bewurkje seksje | edit source]

Henricus wie in soan fan Ds. Eduardus Aenée, predikant yn Aldemardum. Hy gie nei de Latynske skoalle yn Ljouwert en studearre letter wis- en natuerkunde oan de Hegeskoalle fan Frjentsjer by de professers Nicolaas Ypeij en Antonius Brugmans. Under lieding fan Jan van der Bildt út Frjentsjer en fan Wytze Foppes, wiskundige út Doanjum, lei er him ta op it meitsjen fan kikers en teleskopen.

Nei syn houlik ferfear er nei Amsterdam dêr’t er wiskunde joech en ûnder oaren Nieuwland ûnder syn learlingen hie. Yn 1769 promovearre er te Leien ta mag. art. lib. et doctor philosophiae op in ferhanneling De Congelatione. Nei de omkear fan 1795 waard Aeneae lid fan it Komitee fan de Marine en krige er opdracht, mei de kapteins Story en Lucas en skipsboumaster Glavimans, om yn de Nederlânske seehavens oarlochsskippen te ûndersykjen op reeëns foar de kriich.
Yn 1798 gie er mei prof. J.H. van Swinden nei Parys om dêr mei foarneame Frânske gelearden, en oaren, it desimale stelsel fan mjitten en wichten te besprekken. De beide Nederlanners hawwe dat stelsel folsleiner makke. Teffens wie Aeneae adviseur op it mêd fan wis-, natuer-, skied- en wurktúchkunde en ynspekteur foar mjitten en wichten.

Publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Under oaren:

  • Wiskundige Beschouwing van een hellend waterscheprad, door A.G. Eckhardt uitgevonden, Amsterdam 1775, 8o. 2 dielen, mei platen
  • Verhandeling over de Molenwieken in het algemeen en over die, welke eene schroefwijze gedaante hebben, volgens de uitvinding van Jan van Deyl en Zoon, Amsterdam 1785, 8o.
  • Rekenboek voor de Nederlandsche jeugd, uitgegeven door de Maatschappij Tot Nut van 't Algemeen, Amsterdam 1792, 2 dielen.
  • Iets over de waterweegkunde, Amsterdam 1808.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. A. Wumkes, Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, Aeneae, Henricus