Henri Potez

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Henry Potez (Méaulte, 30 septimber 1891Parys, 9 novimber 1981) wie in Frânske fleanmasinefabrikant.

Wurkpaad [bewurkje seksje]

Potez studearre oan de Frânske loftfeartskoalle Supaéro. Tegearre mei Marcel Dassault wie er de útfiner fan de Potez-Bloch propeller dy't nei 1917 op de measte Alliearde fleanmasines yn de Earste Wrâldkriich tapast waard.

Potez 25

Yn 1919 stifte er syn eigen bedriuw Aviations Potez dat tusken beide wrâldkrigen yn in protte fleamasines en wetterfleanmasines boude, dy't doetiids by de meast moderne yn de wrâld hearden. Hy kocht it bedriuw fan Alessandro Anzani (Itaalje) yn 1923. In protte Potez-fleantugen waarden in ynternasjonaal súkses dêr't wrâldrekords mei makke waarden, masines sa as de Potez 25, 39, 54, ,62, 63.

Yn de jierren '20 gienen 7.000 masines it fabryk út. Fjirtich prototypes waarden der ûntwurpen en goed tweintich dêrfan gienen yn produksje - dêrmei pykte it bedriuw dêrút yn dy tiid.

Fanwege har strategysk belang waarden syn fabriken 1936 nasjonalisearre troch it Frânske Front populaire-regear. It waard part fan de SNCAN (Société Nationale de Construction Aéronautique du Nord), mar Potez bleau direkteur.

Nei Wrâldkriich II ûntwurp it Potezfabryk de Magister, in twasits, twamotorich treningsfleanmasine dy't bot súkses hie. Yn 1952 kaam it tastel op de merk mei de namme Fouga Magister en waard brûkt troch tal fal loftmachten.