Henri Arnoldus

Ut Wikipedy
Henri Arnoldus
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Hendricus Willem Arnoldus
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 febrewaris 1919
berteplak Middelburch
stoarn 19 desimber 2002
stjerplak Middelburch
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Berneboeken
bekendste
  wurk(en)
Pietje Puk
jierren aktyf 1958-2002

Johannes Hendricus Willem (Henri) Arnoldus (Middelburch, 22 febrewaris 1919 – dêre, 19 desimber 2002) wie in Nederlânsk skoalmaster dy't ferneamd wurden is as skriuwer fan berneboeken.

Henri Arnoldus wie in skoalmaster út Middelburch fan 1943 ôf; dat bleau er oant 1970. Hy wie de skepper fan de Pietje Puk-boekerige. De avontueren fan dy gutige post waarden troch in soad bern yn Nederlân en Flaanderen lêzen. Der binne goed 50 ferhalen fan Pietje Puk ferskynd en der waarden totaal 3,5 miljoen stiks fan de boeken ferkocht. In protte fan syn boeken, mei yllustraasjes fan Carol W. Voges (1925-2001), waarden oerset en waarden útbrocht yn ûnder oaren Dútslân, Finlân, Denemarken en Kanada [1].

Henri Arnoldus stoar yn de âldens fan 83 jier.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arnoldus skreau, neist Pietje Puk, ek de rigen:

Teffens wie er mei-auteur fan lesboeken foar it roomsk-katolike leger ûnderwiis, ûnder oaren:

  • Ierdrykskundemetoade Er op uit
  • Skiednismetoade Heden, verleden en toekomst

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. tab=auteurs&actie=bio&code=arnh#pag=biografie Utjouwerij Kluitman