Henk Terlingen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Henk Terlingen (1969)

Hendrik L.E.M. (Henk) Terlingen (Amsterdam 31 augustus 1941 - Geldermalsen, 12 july 1994) wie in Nederlânsk radio- en televyzjepresintator.

Terlingen waard nasjonaal bekend doe't er mei Chriet Titulaer de live-útstjoerings fan de Amerikaanske moannelanningen op de televyzje presintearre en bekommentariearre. Hy krige doe de bynamme 'Apollo Henkie'.

Teffens presintearre Henk Terlingen sportprogramma's sa as Sport in Beeld (de foargonger fan Studio Sport) en de radio-útstjoerings fan de Olympyske Spullen. Terlingen syn presintaasjewurk rekke yn de nederklits doe't er in stimoandwaning krige, wierskynlik ek mei troch syn alkoholisme en swiere smoken. Doe hat er him talein op PR-wurk en redaksjewurk. Dy nije fase fan syn karriêre waard lykwols ôfbrutsen doe't de longkanker him oppenearre, dert er ek oan stoarn is.

Terlingen wie troud mei Mia Mathot; sy hiene in soan David had. Troch Terlingen's alkoholisme rekke it houlik tenein, mar nei in ôfwenningskuer binne sy op'en nij troud. Op oantrún fan David Terlingen is er in biografy oer syn heit skreaun. De biograaf is fan betinken dat Terlingen te lijen hie fan it Syndroom fan Asperger.

Op 28 septimber 2007 waard de planetoïde (12135) Terlingen nei him ferneamd fanwege syn bydrage oan it omtinken foar de romtefeart yn Nederlân.