Henk Mouwe

Ut Wikipedy
Henk Mouwe

Henk Mouwe (Snits, 15 april 1952) is in Nederlânsk presintator op telefyzje en radio.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't er fiif jier wie ferhuze Mouwe mei heit en men fan Snits nei it Gelderske Heerde. Letter gong er nei de pedagogyske akademy, mar hy keas úteinlik foar radio en telefyzje.

Doe't Henk Mouwe yn 1973 klear wie mei syn oplieding, gie er oan 'e gong as radio-omropper en presintator by de NCRV. Op de radio presintearre er Nationale Tip 30, LP Pop Special, Gospelrock, Vroeg op, Popstation, Wie weet waar Willem Wever woont, Heer en meester, Matineus met Mouwe en CD-box.

Fan 1982 ôf oan is er, njonken op radio, ek geregeldwei op telefyzje te sjen by de NCRV. Op telefyzje brocht er It's All in the Game, Stedenspel, Verre Vrienden en Boggle. Teffens die er it programma Woordroof. Yn totaal wurke Henk Mouwe 23 jier by de NCRV. Yn 1996 ferliet er de omrop fanwege skeel oer syn represintative rol as presintator en omropper. [1]

Dêrnei giet er oan 't wurk as radio- en telefyzjepresintator by Omrop Gelderlân. Dêr presintearre er it TF-programma De Zomereditie en sûnt 2000 alle dagen tusken 14 en 17 oere it radioprogramma De muziekmiddag. Sûnt 2006 is er presintator by omrop MAX by Radio 5 Nostalgia fan it radioprogramma Wekker-Wakker! yn 'e mande mei Martine van Os, fan oktober 2008 ôf mei Léonie Sazias en fan ein 2012 ôf mei Myrna Goossen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Trouw - 30 desimber 1995 - De 'communicatief verantwoorde' val van Henk Mouwe