Hendrik Jan Popping

Ut Wikipedy

Hendrik Jan Popping (Easterwâlde, 23 april 1885 - dêre, 10 augustus 1950) wie in boekhanneler en boekeprinter en amateur-archeolooch. Popping wie in pionier op it mêd fan wittenskiplik argeologysk ûndersyk fan Súdeast-Fryslân.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy folge syn heit Jan Hendriks Popping yn de saak op en joech ek it wykblêd De Ooststellingwerver út. Popping hie lykas as syn heit in soad niget oan skiednis, benammen dy fan de prehistoarje.

Om 1925 hinne fûn er spear- en pylkpunten en skrabers út de stientiid by Makkingea en Donkerbroek. Hy neamde dat de Tsjongerkultuer.

Hy publisearre in protte artikels en ferwurke syn ideeën, dy't hoe langer hoe mear de kant fan it 'nij heidenske' en it nasjonaal-sosjalisme útskaaiden, yn jongesboeken en romans. Hy wie sûnt septimber 1933 lid fan de NSB en letter ek lid fan de Germaansche SS in Nederland.

Yn febrewaris 1948 wurdt Popping troch it Bijzonder Gerechtshof feroardiele ta 9 jier Rijkswerkinrichting met aftrek, ontzetting uit de kiesrechten en het uitgeversbedrijf voor het leven, foar kollaboraasje mei de Dútske besetter.[1] Yn juny 1950 komt er werom út Kamp Vught en seis wike letter komt er te ferstjerren.[2]

Foar de roman Frijdom wie de heechste wet (Fryske ferzje fan Markward Portenga), útbrocht ûnder de skûlnamme Friso Stellingwerf, waard in priis fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) útjûn yn 1956. Doe't Freark Dam ûntfâlde dat Popping de skriuwer wie, joech dat in soad opskuor yn de parse út reden fan Popping syn oarlochsferline.[3]

De Stichting Stellingwarver Schrieversronte hat Popping syn argyf en bibleteek op 'e noed sûnt oktober 2009.[4]

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De bewoning van Friesland in de voorhistorische tijd (1932)
  • Praehistorie in een veengebied (1935)
  • Stellingwerf (1940)
  • Markward Portenga (roman, yn 't Frysk) (1942)
  • Frijdom wie de heechste wet (1956) - Fryske ferzje fan Markward Portenga
  • Onze voorhistorie (1952)
  • De rendierjagers (1955)
  • Sieger de Bronsman (1956)
  • De vluchteling (1957)
  • De wilde jager (1957)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Popping, Hendrik Jan.

  1. Ljouwerter Krante, 11 febrewaris 1948.
  2. Kenniscentrum Stellingwarfs
  3. It artikel fan Freark Dam, “‘Naer ’s lands wijze verduytscht’ of it Geheim fan Friso Stellingwerf”, De Tsjerne, 1956, s. 234-239.
  4. [1] www. Stellingwerf.nl