Hendrik Aukes Leenstra

Ut Wikipedy

Hendrik Aukes Leenstra (Sibrandabuorren, 22 april 1877 - Wijhe), 26 maaie 1945) wie in feeboer, boargemaster en Twadde Keamerlid.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hendrik wie in soan fan lânarbeider Auke Leenstra. Hy gie nei de kristlike legere skoalle yn Gau. Leenstra buorke yn it earstoan yn Haskerhoarne en studearre dêrneist foar himsels.

Fan 1 july 1919 oant 1 novimber 1929 wie er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Teffens siet er sûnt 18 septimber 1923 yn de ARP-fraksje fan de Twadde Keamer dêr't er fral dwaande wie mei lânbou en wettersteat, mar net op de foargrûn trede. Yn 1928 lykwols hearde er by mar in pear yn syn fraksje dy't tsjin in wiziging fan de Wet op de Indische Staatsregeling stimde, wêrtroch't in gelikens tal lânseigen en Europeesde leden yn de Volksraad kaam. 17 septimber 1929 ferliet er de Keamer.

Dêrnei waard er boargemaster fan de (eardere) gemeente Wijhe yn Oerisel; dat wie er fan 16 novimber 1929 oant 1 maaie 1942.

Leenstra hie ek tal fan maatskiplike njonkenfunksjes yn Fryslân, ûnder oare by de Friesche Maatschappij van Landbouw.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: