Helwei
Yn de Midsieuwen wie de Helwei (Dútsk: Hellweg) in wichtige east-west hannelsrûte troch Dútslân, de rûte wie doe al ieuwenâld. It wie de meast wichtige dyk tusken de Ryn, east fan it Teutoburger Wâld, fan Duisburch ôf, dêr't de Ryn en de Ruhr gearkomme, nei Paderborn.[1] Yn de 10e en 11e ieu wie de Hellweg de foarkarsrûten fan de Ottoanske en Salyske keningen en keizers dy't teminsten ienris it jier tusken Saksen en Aken reizgen, at sy teminsten net yn Itaalje of op it oarlochspaad wienen.[2]
Doe't yn de Ier Moderne Tiid de stienkoal- en stielyndustry opkaam, ûntjoegen de midsieuske stêden oan dy hannelsrûte har' ta yndustriële sintrums en naam har ynwennertal bot ta.[3]
De Helwei waard brûkt troch Karel de Grutte yn syn Saksyske krigen en stie letter ûnder keizerlik tafersjoch wat ûnderhâld oanbelange. Yn de midsieuwen moasten lâneigners de helwei in breedte fan teminsten trije meter (de lingte fan in lans) gunne en har stik ek ûnderhâlde. De namme fan de brede iepen dyk troch de bosken stammet fan it Nederdútske helwech (brede, heldere dyk ûnder de iepen loft).
De oarsprong fan Hellweg kin ek Salzweg, de "Sâltdyk" wêze, mei woartels yn it grykske hál-s, en it Keltyske hal, dat 'sâlt'betsjut.
In oare ferklearring is "Paad fan de deaden". Yn Grimm syn Worterbuch is Helvegr de wei nei de Hel, de Underwrâld.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|