Helene Schjerfbeck

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Helene Schjerfbeck, 1890
Hântekening

Helene Schjerfbeck (Helsinky, 10 july 1862Stockholm, 23 jannewaris 1946) wie in Finsk keunstskilderesse.

Libben en wurk[bewurkje seksje | edit source]

Schjerfbeck har mem wie ek in bejeftige skilderesse en sy trune har dochter oan om in keunststúdzje te dwaan. Doe't Helena jong wie reizge hja faak nei it bûtenlân. Sa wie hja yn 1880 yn Parys, dêr't hja ek har earste erkenning fûn. Fan 1897 oant 1889 wenne hja mei Marianne Stokes en har man Adrian Stokes yn St Ives yn Cornwall. Sy makke dêr fral in protte lânskippen, stillibbens en selsportretten, yn in realistyske, naturalistyske styl. In ferneamd wurk út dy tiid is Toipilas ('de konvalesint').

Nei de simmer fan 1889 gie Schjerfbecks werom nei Finlân en iepene hja tegearre mei Maria Wiik in atelier yn Helsinky. Har lettere libben hâlde Schjerfbeck meast ta yn in lyts doarp sa'n trittich kilometer fan Helsinky, dêr't sy ek har mem fersoarge. Ut dy tiid binne har meast ferneamde skilderijen, fral in protte frouljusportretten en faak ek wer selsportretten, yn in modernistyske, ekspressjonistyske styl dy't wol mei Edvard Munch fergelike is.

Yn 2007 wie der in grutte útstallin fan har wurk yn it Gemeentemuseum De Haach.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]