Helen Hunt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Helen Elizabeth Hunt (2007)
Helen Hunt (1994)

Helen Elizabeth Hunt (Culver City (Kalifornje), 15 juny 1963) is in Amerikaansk aktrise. Se wûn yn 1998 in Academy Award en in Golden Globe foar har haadrol yn As Good as It Gets. Dêrneist waarden har mear as 25 aktearprizen takend, dêr't noch trije Golden Globes, fjouwer Emmy Awards en trije American Comedy Awards ûnder wiene. De lêste foar har rol yn de televyzjerige Mad About You.

Wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Hunt spile mei Paul Reiser de haadrol yn de televyzje-sitcom Mad About You, dy't fan 1992 oant en mei 1999 rûn. Sy en Reiser hellen mei de rige mear as tritich prizen yn, dêr't in Emmy foar Hunt sels by wie yn 1996, 1997, 1998 en 1999.

Dêrneist boude Hunt in filmkarriêre op. Sy spile yn Cast Away, Twister en As Good As It Gets (mei Jack Nicholson). Foar har rol yn de lêste film wûn se 1998 de Oscar foar bêste froulike haadrol. Dêrmei wie Hunt, sûnt Liza Minnelli yn 1973, de earste aktrise dy't sawol in Emmy, in Golden Globe as in Oscar wûn yn ien en itselde jier.

Privee[bewurkje seksje | edit source]

Hunt hat fan july 1999 oant desimber 2000 troud west mei akteur Hank Azaria, hie relaasjes mei Eric Stoltz en Matthew Broderick. Letter krige sy mei skriuwer Matthew Carnahan op 13 maaie 2004 in dochter: Makena Lei Gordon Carnahan.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

  • The Surrogate (2012)
  • Every Day Jeannie (2011)
  • Soul Surfer Cheri Hamilton (2011)
  • Jock of the Bushveld (2011)
  • Then She Found Me (2007)
  • Bobby (2006)
  • Empire Falls (2005) (televisie)
  • A Good Woman (2004)
  • The Curse of the Jade Scorpion (2001)
  • Timepiece (2001)
  • Cast Away (2000)
  • Pay It Forward (2000)
  • What Women Want (2000)
  • Dr. T & the Women (2000)
  • Twelfth Night (tv) (1998)
  • Twister: Ride it Out (1998)
  • As Good as It Gets (1997)
  • Twister (1996)
  • Kiss of Death (1994)
  • In the Company of Darkness (tv) (1993)
  • Sexual Healing (1993)
  • Mad about you (1992)
  • Trancers III (1992)
  • Bob Roberts (1992)
  • Mr. Saturday Night (1992)
  • Only You (1992)
  • The Waterdance (1992)
  • Into the Badlands (tv) (1991)
  • Trancers II (1991)
  • Murder in New Hampshire: The Pamela Wojas Smart Story (tv) (1991)
  • Next of Kin (1989)
  • Incident at Dark River (tv) (1989)
  • The Frog Prince (1988)
  • Stealing Home (1988)
  • Miles from Home (1988)
  • Shooter (tv) (1988)
  • Project X (1987)
  • Peggy Sue Got Married (1986)
  • The Nativity (1986)
  • Girls Just Want to Have Fun (1985)
  • Waiting to Act (1985)
  • Trancers (1985)
  • Sweet Revenge (tv) (1984)
  • Choices of the Heart (tv) (1983)
  • Quarterback Princess (tv) (1983)
  • Bill: On His Own (tv) (1983)
  • Desperate Lives (tv) (1982)
  • The Miracle of Kathy Miller (tv) (1981)
  • Angel Dusted (tv) (1981)
  • The Best Little Girl in the World (tv) (1981)
  • I Think I'm Having a Baby (tv) (1981)
  • Child Bride of Short Creek (tv) (1981)
  • Transplant (tv) (1979)
  • Rollercoaster (1977)
  • The Spell (tv) (1977)
  • Having Babies (tv) (1976)
  • The Swiss Family Robinson (tv) (1975)
  • All Together Now (tv) (1975)
  • Death Scream (tv) (1975)
  • Pioneer Woman (tv) (1973)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]