Helen Baxendale
Ut Wikipedy
Helen Baxendale ((Wakefield, Yorkshire, ) is in Ingelske aktrise.
Helen woe as bern balletdûnseres wurde mar keas letter foar aktearjen. Hja folge oan de Old Vic teaterskoalle yn Bristol in oplieding en wurke dêrnei fan 1992 oant 1994 yn it Citizens Theatre yn Glasgow.
Yn Ingelân krige hja bekendheid troch har rol fan Dr. Claire Maitland yn de BBC-rige Cardiac Arrest. Yn Belgje en Nederlân is sy fral bekend as Rachel Bradley yn de televyzjerige Cold Feet. Yn 1998 spile sy yn 14 ôfleverings fan de Amerikaanske rige Friends. Baxendale hat ek yn in stikmannich films spile en docht ek reklamewurk.