Heinrich Aldegrever

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Selsportret 1537

Heinrich Aldegrever (feitlik Hinrik Trippenmäker) (Paderborn, 1502Soest (West-Dútslân), ± 1551-1561) wie in Dútsk keunstskilder, graveur en goudsmid fan de Noard-Dútske Renêssânse.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Aldegrever waard ynearsten goudsmid en makke sa in rige ornamintele tekeningen foar izerwurk.

Hy reizge troch de Nederlannen en rekke ûnder de yndruk fan it wurk fan Joos van Cleve en Jan Gossaert. Om 1525 hinne festige er him yn Soest. Dêr skildere er rillegau ien fan syn meast wichtige wurken: de fleugelretabel fan it Maria-alter yn de tsjerke Sankt Maria zur Wiese. Fan 1531 ôf, ûnder ynfloed fan de Reformaasje, wijde Aldegrever, dy't him ta it nije leauwe bekeard hie, him allinne noch oan de grafyske keunst, mei fral wrâldske ûnderwerpen (sa as De Brulloftsdûnser út 1538).

Omreden fan de lytsens fan syn tekeningen wurdt Aldegrever faak rekkene ta in groep Dútske renêssânseskilders dy't de namme 'Lytse Masters' krigen hawwe. Hy makke sa'n 300 gravueres tusken 1527 en 1555, in protte dêrfan fan op wûnderlik lytse skaal.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Karakteristyk foar Aldegrever syn wurk binne de tige slanke figueren dy't tinken dogge oan de gotyk en dy't teffens ynfloeden fan it Antwerpske maniërisme sjen litte. De figueren wurde faak skaaimerke troch in drokke drapearjen fan harren klaaiïng. De eftergrûnen mei lânskippen litte de Hollânske ynfloeden sjen. Faak hat syn wurk ek ornamintele arsjitektuereleminten en boartert er mei ljocht en skaad yn syn skilderijen.

Aldegrever waard fierder beynfloede troch Albrecht Dürer, waans monogram hy neidie. It kin sels wêze dat er by Dürer yn Neurenberch west hat.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Schilderkunst van A tot Z, MPI Books, Amstelveen, 1997, s. 13