Hein Verbruggen

Ut Wikipedy

Hein Verbruggen (Helmond, 21 juny 1941 - 14 juny 2017) [1] wie in Nederlânsk sportbestjoerder.

Hy wie fan 1991 oant 2005 foarsitter fan de Ynternasjonale Hurdfyts Uny, koartwei UCI neamd.

Nei syn oplieding oan it Ynstitút Nijenrode wurke hy earst yn it bedriuwslibben. Sûnt 1979 hie hy in ferskaat oan funksjes yn de hurdfytswrâld. Sa wie Verbruggen fan 1984 oant 1991 foarsitter fan de Fédération Internationale du Cyclisme Professionnnel. Dêrnei waard er foarsitter fan de UCI. Under syn foarsitterskip kaam de "ProTour" ta stân. Hy hat him benammen ynsetten foar de ynternasjonalisearring fan de fytssport.

Sûnt 1996 wie Verbruggen ek lid fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommité. Doe't Verbruggen him werom lutsen hie as foarsitter fan de UCI, waard er beneamd ta earefoarsitter.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) HEIN VERBRUGGEN (75) OVERLEDEN, De Telegraaf, 14 juny 2017