Hein Buisman Stichting

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Hein Buisman Stichting is in stifting dy't har dwaande hâldt mei it opknappen fan monumintale pannen, benammen yn de stêd Harns.

Yn 1961 waard de monumintewet fan krêft en waarden mear as 500 âlde Harnzer gebouwen op de rykslist fan beskerme monuminten pleatst. Yn 1963 waard de Hein Buisman Stichting oprjochte troch de Ljouwerter sakeman Hein Buisman. Dizze stifting hat yn oparbeidzjen mei de Feriening Ald Harns mear as 70 monuminten yn Harns opknapt. Ut en troch pakt de stifting ek pannen bûten Harns oan.

[bewurkje seksje] Projekten

De Hein Buisman Stichting hat har wurk projektmjittich oanpakt, dat wol sizze dat hieltyd yn in part fan de stêd meardere pannen restaurearre binne. Se hawwe har dêrby net rjochte op de eksklusive pannen, mar benammen op buerten dy't yn de 60-er jierren somtiden swier yn ferfal wienen. De pannen wienen meastentiids foar in lyts pryske te besetten en koene faak wer knap ferkocht wurde. De wichtichste projekten fan de stifting binne:

  • Sâltsleat en omjouwing
  • Fiverbuert
  • De Lanen
  • De Tsjerkestrjitten en Hilligewei
  • Almenum en omjouwing
  • De Heechstrjitte en omjouwing

It projekt Sâltsleat en omjouwing levere yn de jierren santich lanlike bekendheid op foar de stifting. It wie in goed foarbyld fan de restauraasje fan in lytse grêft. Yn dit projekt binne 19 pannen opknapt. De earste, Sânsleat 43, waard yn 1967 oplevere.

[bewurkje seksje] Doelstellings

De stifting hat de folgjende doelstellings:

  • Histoaryske of kultuerhistoaryske pannen yn de Gemeente Harns yn eigendom te krijen en mooglik wer te ferkeapjen as foldwaande fêststiet dat dêrtroch it yn stân hâlden fan it karakter fan it opjekt sa folle mooglik befoardere wurdt.
  • Restauraasje fan histoaryske of kultuerhistoaryske pannen, yn eigendom fan de stifting of oaren, te befoarderjen.
  • It bestimmen fan soksoarte pannen ta monumint troch de oerheid as oaren te befoarderjen en it neilibjen dêrfan respektearje te litten.
  • Alle wetlike middels dy't it doel fan de stifting befoarderje.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen