Heidehipper

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Heidehipper
Mantsje yn simmerkleed
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Passeriformes (Moskeftigen)
Famylje: Miggesnappers (Muscicapidae)
soarte
'Oenanthe oenanthe'

De Heidehipper (Oenanthe oenanthe), fitop, stienbikker of stienfûgeltsje (Nederlânsk:tapuit) is in sjonger út de ûnderfamylje Saxicolinae, de eardere lytse lysterfûgels, no rekkene ta de famylje Muscicapidae (Miggesnappers). It is in fûgel fan droege, sânige en rotsige gebieten dy't foerazjearret op de grûn en briedt yn kninehoalen. Heidehippers binne trekfûgels, en binne simmerdeis yn hiel Europa te finen. Teffens komme se foar yn Aazje en op beskate plakken yn noardwest- en noardeast-Kanada, Grienlân en Alaska. Alle fûgels oerwinterje yn lykwols Afrika en moatte somtiids 1500 oant 2000 km. nei harren briedgebiet ôflizze.

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

Grutte: 14.5-15.5 cm; Spanwijdte: 26-32 cm; Gewicht: 17-30 gram; Aaien: 5-6 stuks; Briedtiid: 14 dagen; Snaffel: koart en fyn It mantsje kriget yn de maitiid in simmerkleed (briedkleed).

Fiedsel[bewurkje seksje | edit source]

Heidehippers frette meast ynsekten, mar ek spinnen, slakken en wjirms. Yn de hjerst ite hja ek wol beien.

Yn Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Heidehipper yn winterkleed

Yn Nederlân is de heidehipper in seldsume briedfûgel yn de dunen en sânferstowingen. De soarte brette foaral op de Waadeilannen en ek wol yn de dunen fan Noard-Hollân en Súd-Hollân. Al yn de jierren '60 wienen der oanwizingen dat de fûgel efterút gie. Yn de jierren 1990 waard de heidehipper seldsum yn de dunen fan it fêstelân. Yn it binnenlân komt de heidehipper noch geregeldwei foar op de droege heidefjilden en sânferstowingen op de Feluwe, yn Drinte en Súdeast-Fryslân. Benammen op it (Aekingersân by Appelskea) hâldt de heidehipper it út.[1] Trochstrings rekket de heidehipper lykwols hurd yn de bedelte. SOVON rûst de efterútgong tusken 1990 en 2007 op goed 5% it jier, der briede yn 2007 noch sa'n 700 pear yn Nederlân.[2] De fûgel is yn 2007 as bedrige op de Nederlânsk Reade List byskreaun.
As gast is de fûgel net sa seldsum. Yn april/maaie en yn septimber binne rûnom yn Nederlân heidehippers op trochtrek waar te nimmen.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Bewenners fan (eardere) heidedoarpen wurde wol gekjeiend 'heidehippers' (of 'heidepiken') neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bijlsma, R.G., F. Hustings & C.J. Camphuysen, 2001. Avifauna van Nederland 2. ISBN 9074345212
  2. SOVON Verspreiding en aantalsontwikkeling van de tapuit in Nederland

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Oenanthe oenanthe en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.