Heideblaujurkje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Heideblaujurkje
Plebeius.argus.male.2718.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Reachwjukflinters (Lycanenidae)
soarte
Plebeius argus

It Heideblaujurkje (Plebeius argus) is in flintersoarte yn it skaai fan de Juwielblaujurkjes (Plebejus).

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De flinter komt lokaal soms yn flinke oantallen foar. Se hâlde fan wiete heide. Se binne noch te finen op de Waadeilannen en de hege sângrûnen. It is in honkfêste soart.

Op de reade list stiet de flinter as gefoelich.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De wjuklingte is ûngefear 14 mm. Op de ûnderkant fan de efterwjuk sit in oranje bân mei swarte flekken. De flinter liket persys op it Loas Heideblaujurkje. Om wis te wêzen fan de soarte moat in mantsje fongen en mei in lûp besjoen wurde.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter is fan begjin juny ôf oant ein augustus te sjen, foaral tusken 5 oant 25 july. It Heideblaujurkje fleant yn ien en soms yn twa generaasjes.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De rûp kin 15 mm lang wurde. It liif is gieleftich mei grien mar ek wol ljochtbrún. De rûp is hielendal bedutsen mei fine hierkes. De jonge rûpen ite allinnich de sêfte dielen fan de plant. It aaike oerwinteret, dat de rûp groeit foaral yn de foarsimmer as ek de Heide bloeit. De rûp ferpopket him op de grûn. Dit ferpopkjen duorret likernôch in moanne.

De rûp fret Heide en Skrobberheide.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

In wiifke