HAN University of Applied Sciences

Ut Wikipedy
Festiging Arnhim
Festiging Arnhim
Namme
Ofkoarting HAN
Ynternasjonale namme HAN University of Applied Sciences
Lokaasje
Lân Nederlân
Plak Arnhim en Nimwegen
Oare bysûnderheden
Type Algemien bysûnder, hbû
Oprjochting 1 febrewaris 1996
Rektor Rob Verhofstadt
Tal studinten 36.000 [1]
Tal meiwurkers 3.900
Offisjele webside
www.han.nl

De HAN University of Applied Sciences, meastal oantsjut as de HAN, is mei 36.000 studinten ien fan de gruttere hegeskoallen fan Nederlân en fersoarget hbû-opliedings yn Gelderlân, en biedt bachelor- en mastergraden oan. Foar 2019 hiet de skoalle Hogeschool van Arnhem en Nijmegen (Hegeskoalle fan Arnhim en Nimwegen). Njonken de fêstigings yn Arnhim en Nimwegen is der in kennissintrum yn Doetinchem.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 1980-er jierren wiene der in soad lytse hegeskoallen foar heger beropsûnderwiis yn Nederlân. De oerheid leaude doe dat dy net effisjint genôch wiene op it mêd fan finansierjen en ûnderrjocht. Yn 1983 trûnde de oerheid der op oan sokke lytse universiteiten mei-inoar te fúsearjen yn grutteren. De Feriening Hegeskoallen gie der mei yn, en stadichoan mear en mear hegeskoallen yn Arnhim en Nimwegen fúsearren.

Op 1 febrewaris 1996 ûntstie de HAN, en waard in grutte, brede opliedingsynstitút. It tal studinten naam sûnt dy tiid ta, wylst de kosten foar in oplieding ôfnamen, itjinge it del fan de oerheid en de Feriening Hegeskoallen wie.

Yn juny 2019 HAN feroare syn namme. It hie ynearsten de Nederlânske namme Hogeschool van Arnhem en Nijmegen, mar feroare ta de Ingelske namme HAN University of Applied Sciences. Mank dêrmei feroare it logo en idintiteit fan de skoalle.

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underdielen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 14 HAN akadeemjes:

  • Akadeemje Built Environment
  • Akadeemje Business en Kommunikaasje
  • Akadeemje Edukaasje
  • Akadeemje Engineering en Automotive
  • Akadeemje Finansjeel Ekonomysk Behear
  • Akadeemje Sûnens en Libben
  • Akadeemje IT en Mediadesign
  • Akadeemje Minske en Maatskippij
  • Akadeemje Organisaasje en Untjouwing
  • Akadeemje Paramedyske Stúdzjes
  • Akadeemje Rjochten
  • International School of Business
  • Akadeemje Sport en Bewegen
  • Akadeemje Tapaste Biowittenskippen en Gemy

De opliedings, it ûndersyk en advys wurde út dy akadeemjes wei regele. Belied wurdt dien troch in Sintrale Stêf, it útfieren fan alle ûnderstypjende tsjinsten wurde ûnderbrocht yn de ôfdieling Services.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Algemene informatie over de HAN als organisatie