Heentiamahûs

Ut Wikipedy
Heentiamahûs yn 1603

It Heentiamahûs wie in stins oan de eastlike ein fan It Nauw yn Ljouwert. It hûs waard grif boud om 1400. Fan it hûs is neat werom te werkennen.

Om 1450 waard de stins bewenne troch Willa Heentiama, âlderman fan Ljouwert. Letter hat it bewenne west troch de famylje Jongema dy't ek Jongemastate yn Raerd yn eigendom hie. Yn 1524 waard it oankocht troch de “Stedelijke Regering”.

Histoarikus Eekhoff skriuwt yn it haadstik “Wandeling door de stad, omstreeks 1550” oer dit hûs: Aan het oostelijke einde van het Naauw staat de stins van den vroegeren Olderman Willa Heentiama, later door de Jongema’s bewoond, en in 1524 door de Stedelijke Regering aangekocht.
Yn de noat ûnderoan side 194 giet er fierder:
Het Floreen-Register van omstreeks 1512 noemt dit huis: “dat ueruallene steens ende stede bij de Broll breggha hort Wytz Jonghama.
Hear Goslick fan Juwinga, Ridder en Ried fan it Hof neamde it: dat Steenhuys mit den hoffsteede bij die Broell brugge” bij gelegenheid, dat hij het in 1524 namens zijn zuster Ansck, voor 687 Goudgld. aan Regt en Raad der stad verkocht, blijkens koopbrief in ’t Stedelijk Archief, No. 161. Misschien wilde de Stad het tot het St. Jakobs-Gasthuis betrekken. Thans bestaat het gebouw nog geheel, hoewel het in drie verschillende panden bewoond wordt.

Yn 1846 wie it âlde hûs foar Eekhoff blykber noch werkenber. Op it steed fan de stins hat Johan Sems yn 1603 lykwols al trije wenhuzen tekene, wêroan neat op in (eardere) stins wiist. Op dat plak yn de hoeke fan it Nauw en de Grutte Heechstrjitte steane no âlde wen-/winkelpannen, mar der is neat mear fan in stins yn te werkennen.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1450 Willa Heentiama
  • 1512 Wytz Jonghama
  • 1524 Ansck fan Juwingha
  • > 1524 stêd Ljouwert

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: