Hebbe Hebbes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hebbe Hebbes, (Wierum (Westdongeradiel), 15 augustus 1850 - Wolvegea, 15 septimber 1931) wie boargemaster fan de eardere gemeente Skoatterlân fan 1 maart 1906 oant ein april 1928.

Hebbes folge de heer Lambertus Foets Gzn. op, wylst boargemaster Falkena syn opfolger waard. Hy fêstige him op It Hearrenfean, Anjewier, op 11 maaie 1906 kommende fan Delfsyl. Ut it befolkingsregister fan Skoatterlân waard hy op 30 april 1928 ôfskreaun fanwege fertrek nei Beetstersweach. Hy hat ek yn Grins wenne. Foardat er boargemaster fan Skoatterlân waard wie hy ofsier fan it KNYL, boargemaster fan Zuidbroek en boargemaster fan Delfsyl.

Hebbes wie troud mei Anje Wubbina Boelma (1858 Nieuwbeerta); harren dochter Maria Petronella Anna waard berne op 09-01-1878 te Amboina (Ambon) en Wubbina Frederika Gesina (1888-1976) waard berne te Saparoea (Nederlânsk-Ynje)

Hebbes wie ridder yn de oarder fan Oranje Nassau. Op It Hearrenfean is de yn 1949/1950 oanleine H.Hebbesstrjitte nei him neamd. It is de ferbining yn noardeastlike rjochting fan de Boargemaster Falkenawei mei de Coehoorn van Scheltingawei (lâns de foarside fan 'Marijke Hiem').

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels