Heard en de McDonaldeilannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Heard en de McDonaldeilannen
Heard Island and the McDonald Islands
Flagge Wapen
Flag of Australia (converted).svg Coat of Arms of Australia.svg
Ingelsk: Australia ("Austraalje")
Heard en de McDonaldeilannen, dy't ûnbewenne binne, fiere de flagge, it wapen en it biedwurd fan Austraalje.
Geografyske lokaasje
Kerguelen-Location.JPG
Algemien
Gebietsdiel fan Flag of Australia (converted).svg Austraalje
Pol. status ekstern territoarium
Haadstêd n.f.t.
Offisjele taal Ingelsk
Ynwennertal (ûnbewenne)
Befolkingstichtens 0 / km²
Oerflak 368 km²
Bykommende ynformaasje
Muntienheid n.f.t.
Tiidsône UTC+5
Tillefoan n.f.t.
Ynternetekstinsje n.f.t.
Webside n.f.t.

Heard en de McDonaldeilannen (Ingelsk: Heard Island and the McDonald Islands, ôfkoarte ta HIMI) binne in ekstern territoarium fan Austraalje, dat ûnder direkt bestjoer stiet fan it Australyske federale regear. It territoarium bestiet út in ûnherberchsume subantarktyske eilannekloft, op 'e grins fan 'e Yndyske Oseaan en de Súdlike Oseaan. Der wennet gjin minske, behalven út en troch guon wittenskippers. De eilannen hawwe mei-inoar in oerflak fan 368 km².

Lânkaart fan Heard en de McDonaldeilannen.

De eilannen lizze op it Kerguëlenplato, op 53°00′ suderbreedte by 73°30′ easterlingte, wat deselde breedtegraad is as it Súdamerikaanske Fjoerlân en deselde lingtegraad as de Yndiaaske stêd Bombay. De ôfstân ta Perth, yn West-Austraalje, bedraacht 4.099 km, en dy ta Antarktika 1.630 km. De neiste lânmassa wurdt foarme troch de Kerguëlen, in ûnbewenne Frânske eilannegroep, dy't 450 km nei it noardwesten ta leit. Heard en de McDonaldeilannen binne sadwaande ien fan 'e meast ôfhandige plakken op 'e wrâld.

Geology[bewurkje seksje | edit source]

In sattelytfoto fan it eilân Heard, mei yn 'e midden de 2.745 m hege Mawson Peak-fulkaan.

Geologysk bestiet de arsjipel út stjurringsstientme. De fulkanen dy't de eilannen foarme hawwe, lizze net op in plaatgrins; de grinzen fan 'e Antarktyske plaat mei de Afrikaanske en Australyske platen lizze hûnderten kilometers noardliker. Wierskylik binne de eilannen ûntstien troch in hotspot. It heechste punt is de aktive fulkaan Mawson Peak, mei in hichte fan 2.745 m, op it eilân Heard, dy't ek wol "Big Ben" neamd wurdt. Dat is mei-iens ek de heechste berch fan Austraalje, 517 m heger as de Mount Kosciuszko, de heechste top op it Australyske fêstelân. De fulkaan op it eilân McDonald is, nei't er sa'n 75.000 jier sliept hat, yn 1992 wer aktyf wurden en is sûnt ferskate kearen útbarst.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oant healwei de 1850-er jierren binne der gjin ferslaggen fan minsklike besiken oan Heard en de McDonaldeilannen. Peter Kemp, in Britske seehûnejager, is de earste dêr't fan tocht wurdt dat er de eilannen waarnommen en op 'e kaart set hat. Dat wie op 27 novimber 1833 doe't er ûnderweis wie fan 'e Kerguëlen nei Antarktika.

De Amerikaanske seehûnejager kaptein John Heard, oan board fan 'e Oriental, waard de eilannen op 25 novimber 1853 gewaar. Hy rapportearre syn ûntdekking in moanne letter en ferneamde it eilân nei himsels. Kaptein William McDonald ûntdiek seis wike letter, op 4 jannewaris 1854, de relatyf deunby leine McDonaldeilannen.

De ferwurking fan see-oaljefanten op it eilân Heard, yn 'e njoggentjinde ieu.

Earst yn maart 1855 giene seehûnejagers, laat fan de Amerikaanske kaptein Erasmus Darwin Rogers, op Heard oan lân op in plak dat Oil Barrel Point neamd wurdt. Yn it tiidrek fan 1855 oant 1880, doe't dêr op see-oaljefanten jage waard, holden in stikmannich Amerikanen in jier of langer ûnder abominabele omstannichheden yn stjonkende hutten by Oil Barrel Point ta. Op it hichtepunt húsmannen dêr 200 minsken om. Tsjin 1880 wie it grutste part fan 'e see-oaljefantekoloanje útroege en waard it eilân ferlitten. Totaal waarden der yn dy snuorje goed 100.000 fetten robbe-oalje produsearre.

Yn 'e omkriten fan 'e eilannen lizze in stikmannich skipswrakken. Ek is der in ferrinneweare gebou fan John Heard syn robbeferwurkingsstasjon oer by Atlas Cove. De earste lâning op it eilân McDonald waard, foarsafier bekend, útfierd mei in helikopter troch de Australyske wittenskippers Grahame Budd en Hugh Thelander, op 12 febrewaris 1971.[1][2]

Yn 1947 waarden de eilannen troch it Feriene Keninkryk oerdroegen oan Austraalje.[3] De Heard en McDonaldeilannen steane sûnt 1997 op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. De reden dêrfoar is dat de eilannegroep de iennichste Subantarktyske fulkanyske aktiviteit hat dêr't geomorfologyske prosessen en glasiale dynamika oanskôge wurde kinne. De floara en fauna is der spesifyk, sûnder ynfloeden fan bûten de arsjipel.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

refererinsjes:

  1. http://www.cerchi.net/destinations/2002_sioe/sioe_himi.html
  2. http://data.aad.gov.au/aadc/gaz/display_name.cfm?gaz_id=2177
  3. "CIA World Factbook"

boarnen:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.

 
Steaten en territoaria fan Austraalje
Flagge fan Austraalje
steaten: FiktoariaNij-Súd-WalesQueenslânSúd-AustraaljeTasmaanjeWest-Austraalje | territoaria: Australysk Haadstedsk TerritoariumNoardlik TerritoariumJervis Bay
eksterne territoaria: Ashmore- en CartiereilannenAustralysk Antarktysk TerritoariumAustralyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannenKoraalsee-eilannenNorfolk
oare eksterne gebieten: Lord HoweMacquarieTorresstrjitte-eilannen