Hazze

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hazze
Feldhase Schiermonnikoog.JPG
taksonomy
Ryk: Dieren (Animalia)
Stamme: Rêchstringdieren (Chordata)
Klasse: Sûchdieren (Mammalia)
Skift: Hazze-eftigen (Lagomorpha)
Famylje: Hazzen en kninen (Leporidae)
Skaai: Echte hazzen (Lepes)
soarte
Lepus europaeus
IUCN-status: net bedrige
Fersprieding fan 'e hazze, sawol lânseigen (dûnker-read), as útlânsk (ljochtread).

De hazze (Latynske namme: Lepus europaeus), om ûnderskie te meitsjen mei oare hazzesoarten ek wol de Jeropeeske hazze neamd, is in hazze-eftige dy't yn Fryslân rûnom foarkomt.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De hazze is lânseigen yn hast hiele Jeropa (mei útsûndering fan Skandinaavje, de Britske Eilannen, it grutste part fan it Ibearysk Skiereilân en de eilannen yn 'e Middellânske See) en fierders yn Lyts-Aazje en yn parten fan Sintraal-Aazje en súdwestlik Sibearje. As eksoat komt er ek foar yn Ingelân, Wales en Skotlân, yn súdlik Sweden, op Korsika, yn in beheind part fan it easten fan 'e Feriene Steaten, yn it súdlikste trêdepart fan Súd-Amearika, yn eastlik en súdeastlik Austraalje, op Tasmaanje en yn hiele Nij-Seelân.

Uterlik[bewurkje seksje | edit source]

De kop-romplingte fan 'e hazze bedraacht likernôch 50-65 sm; de sturt (hier ynbegrepen) 8½-12 sm. Syn gewicht fariëarret fan 2½-6 kg. De efterpoaten, dy't er brûkt om mei ôf te setten, binne folle grutter as de foarpoaten, en hawwe in lingte fan 12-16 sm. De lange en tige draaibere earen binne 9-12 sm lang. De hazze is de wylde knyn net wanlyk, mar hat in foarser foarkommen en hat gruttere poaten en langere earen mei swarte úteinen dy't wylde kninen net hawwe. Op 'e rêch is de hazze griisbrún of gielbrún, en ûnder de bealch witich. Op heide binne hazzen gauris wat donkerder fan kleur. De sturt wurdt ûnder it draven sa holden dat de donkerbrune of swartige boppekant te sjen is (wylst de knyn sines omheech hâldt en de wite ûnderkant toant). Hazzen en kninen wurde tsjintwurdich net mear ta de kjifdieren rekkene, al binne se lang wol as sadanich beskôge.

Biotoop[bewurkje seksje | edit source]

Hazze dravend yn it iepen fjild.

Fan oarsprong libbet de hazze op steppen en yn wat iepener wâlden, mar yn Jeropa hat er him oanpast oan kultuerlânskippen fan sawol lânbou as feehâlderij. De hazze is in skruten bistke en komt net in protte foar yn tichtbefolke gebieten. Rêst hâldt de hazze by foarkar op plakken dêr't wat beskutting is, lykas by hagen, beamwâlen en sleatskanten lâns of yn heger gers of tusken de fuorgen fan ploege boulân. Ek syn leger, in ûndjip kûltsje yn 'e begroeiïng, makket er it leafst op sokke plakken. Mei't de hazze oer in goede skutkleur beskikt en dêrop fertrout, kin men him faak hiel ticht benei komme sûnder him opmurken te hawwen, oant de moed him ûntsinkt en er ynienen fuortspringt. Yn folle faasje kin de hazze 65 km yn 'e oere gean.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | edit source]

De hazze is eins fierhinne in nachtdier, al is er fral simmerdeis ek yn 'e skimer en oerdeis wol aktyf. It grutste part fan it jier libbet er solitêr, mar as yn 'e djoeitiid (desimber oant augustus) de moerhazzen jachtich binne, wurde se neisitten troch gauris ferskate rammen, dy't inoar dêrby befjochtsje. De moerhazze huft sels trouwens ek fan har ôf, ntl. troch te "boksen" mei de efterpoaten. De draachtiid duorret in 40 dagen, en fan febrewaris oant oktober kin ien hazze wol trijeris smite, wylst eltse smeet bestean kin út 1-5 of inkeldris 6 jongen. Dy jongen wurde behierre en mei iepen eagen berne en harren sûchtiid duorret likernôch 30 dagen. 50% fan 'e jongen stjert yn 'e earste moanne, wylst fan 'e rest de measten net âlder wurde as in jier, ek al kin de hazze yn it wyld yn teory op syn minsten 7 jier wurde.

Fretten en lûd[bewurkje seksje | edit source]

Hazzen binne plante-iters dy't winterdeis benammentlik tarje op gers en simmerdeis op krûden lykas klaver. As hja der de kâns ta krije, ite se ek graach guon lânbouprodukten (nôt, maïs, jirpels, earte). By hege snie stelle se har tefreden mei it fretten fan strewelletwigen en beamskoars. Se meitsje net in protte leven, al kinne se somtiden in gnoarjend of fluitsjend lûd fuortbringe.

Status[bewurkje seksje | edit source]

De hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet. Likegoed giet de hazzepopulaasje der yn 'e measte lannen op efterút, mei't er sjoen wurdt as in skealik bist en sadwaande faak bejage wurdt.

Opsomming fan ûndersoarten[bewurkje seksje | edit source]

Der binne 15 erkende ûndersoarten fan 'e hazze:[1]

  • Lepus europaeus caspicus
  • Lepus europaeus connori
  • Lepus europaeus creticus
  • Lepus europaeus cyprius
  • Lepus europaeus cyrensis
  • Lepus europaeus europaeus
  • Lepus europaeus hybridus
  • Lepus europaeus judeae
  • Lepus europaeus karpathorum
  • Lepus europaeus medius
  • Lepus europaeus occidentalis
  • Lepus europaeus parnassius
  • Lepus europaeus ponticus
  • Lepus europaeus rhodius
  • Lepus europaeus syriacus
  • Lepus europaeus transsylvanicus

Hazze yn it Frysk[bewurkje seksje | edit source]

In hazzekop.

Yn it Frysk binne der in protte sprekwurden en siswizen mei de hazze, dy't almeast ferwize nei syn ûnderstelde eangstme of leffens of nei syn fluggens.

  • In hazze (bangeskiter).
  • In Kollumer hazze (in kat).
  • Sa bang as in hazze.
  • Sa dapper as in hazze (iroanysk bedoeld).
  • Sa fluch as in hazze.
  • Sa waaks/wach as in hazze.
  • Sa wekker as in hazze.
  • Fleane as in hazze.
  • Rinne as in spande hazze (hiel stadich rinne).
  • Deryn rinne as de/in hazze yn 'e strik (ûnnoazelwei).
  • Switte as in hazze.
  • By jins wurd stean as de hazze by de tromme (gjin wurd hâlde).
  • In hazze yn 't spantou sette wolle (it ûnmooglike wolle).
  • De hazze en de slak hawwe op deselde dei nijjier (doch mar kalm oan).

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Hoffman, R.S., en Smith, A.T., Order Lagomorpha

Boarnen

  • Hoffman, R.S., en Smith, A.T., Order Lagomorpha, yn: Wilson, D.E., en Reeder, D.M., Mammal Species of the World (3de edysje; s. 198-199), Boston, 2005 (ISBN 987-0 80 18 82 210.
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.
  • Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (A.J. Osinga Uitgeverij), ISBN 9 06 06 64 40X.