Hatsumermûne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Hatsumermûne, desimber 2008

De Hatsumermûne is in poldermole yn de buert fan it doarp Dronryp yn de gemeente Menameradiel. It is in mealreeë grûnsiler dy't sawat oardel kilometer ten súdwesten fan Dronryp stiet. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei houten fertikale dielen en in flecht fan 11,56 m. Hy waard yn 1878 boud foar de bemealling fan de 60 ha. grutte polder Sikma, as opfolger fan een spinnekopmole. De Hatsumermûne waard yn 1988/1989 restaurearre en krige yn 2003 in nije kape. De wipstok fan de mûne is fersierd mei in ienhoarn. De Hatsumermûne, dy't eigendom is fan de Stifting Mûnen yn Menameradiel, mealt tsjintwurdich yn sirkwy en is op ôfspraak te besichtigjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]