Hartkleurige mûs

Ut Wikipedy
hartkleurige mûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai echte mûzen (Mus)
soarte
Mus cervicolor
Hodgson, 1845
IUCN-status: net bedrige

De hartkleurige mûs (Latynske namme: Mus cervicolor) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat foarkomt fan noardlik Yndia en Nepal oant yn Súdeast-Aazje, ynkl. Birma, Tailân, Laos, Kambodja, Fjetnam en Súd-Sina (de provinsje Yunnan). Der besteane ek populaasjes op de Andamanen, in isolearre Yndiaaske eilannegroep yn 'e Golf fan Bingalen, en op 'e Yndonezyske eilannen Java en Sumatra, mar dy binne dêr nei alle gedachten troch de minske yntrodusearre.

Besibskip mei oare soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut Tailân binne fossilen fan dizze soarte bekend fanôf it Midden-Pleistoseen. De hartkleurige mûs liket tige op 'e Rjûkjûaanske mûs (Mus caroli) en de skiesturtmûs (Mus fragilicauda), en is wierskynlik it naust besibbe oan 'e cookmûs (Mus cookii) en de Rjûkjûaanske mûs, mar folle minder nau oan 'e skiesturtmûs. Yn sintraal Birma komt in soarte foar, de Birmeeske mûs (mus nitidulus), dy't lang as synomym mei de hartkleurige mûs beskôge is; nij ûndersyk hat lykwols útwiisd dat der alhiel gjin nauwe besibskip tusken dy beide soarten bestiet.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hartkleurige mûs hat nei foarren ta útstekkende kjiftosken, in brunige pels dy't oan 'e ûnderkant witich útskaait, en wite poatsjes. De sturt, dy't koarter as it lichem is, is ek twakleurich. De kop-romplingte bedraacht 8-9 sm, de sturtlingte 6-7 sm en it gewicht 14-20 g. De wyfkes hawwe tsien oeren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.