Harsensskodding
Ut Wikipedy
In harsensskodding is in fersteuring fan it wurkjen fan de harsens, sûnder sichtbere skea, as gefolch fan in fysike skok.
[bewurkje seksje] Symptomen
- Foar in skoftke bewustleas, ornaris daliks nei de skok, fan in pear sekonden oant in minút as tsien.
- Mislikens en spuien, almeast koart nei de skok.
- Faak foar likernôch in dei ûnthâldferlies oer de tiid krekt foar de skok.
[bewurkje seksje] Gefolgen
Ornaris binne de gefolgen fan in harssenskodding mei ien as twa wiken oer, mar in swiere harsensskodding kin ek wol moannen bliuwe, en in inkeld gefal giet nea oer. Ek al liket it allegear net sa slim, der moat al altiten in dokter by: Njonken de harsensskodding kin der troch de skok ek oare harsensskea weze.