Harry Truman

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Harry S. Truman")
Gean nei: navigaasje, sykje
foto fan Harry Truman

Harry S. Truman (Lamar (Missoury), 8 maaie 1884Independence (Missoury), 26 desimber 1972) wie in Amerikaansk steatsman. Hy waard yn 1945 de 33e Presidint fan de Feriene Steaten.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Harry Truman waard yn 1934 en 1940 foar de Demokraten keazen ta senator yn Missoury. Yn 1944 waard hy troch presidint Roosevelt oanwiisd as fise-presidint en doe't de presidint yn april ferstoar waard er troch Truman opfolge. Presidint Truman stiet bekend as in krêftich en beslútfeardich bestjoerder. Troch him waard it beslút naam om de atoombom te brûken yn de kriich tsjin Japan. Yn 1947 formulearre hy de Trumandoktrine dêr't de beheining ('cointainment') fan de Russyske driging mei besocht waard. Yn dat kader passe û.o. de ôfkundiging fan it Marshallplan en de oprjochting fan de NATO. Yn 1948 fersloech Truman syn republikeinske tsjinstanner.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]